Algerabrug Workum moet blijven


Gast

/ #3 It Algeraburren brêchje yn Warkum.

2013-07-28 12:28

De nije grutte gemeente soe deskundiger en diedkrêftiger wurde. It lêste kloppet aardich. Mar fan it earste hawwe wy noch net folle sjoen. As der wat probleemkes binne mei in brêchje dat in soad brûkt wurdt dan kin dizze gemeente neat betters betinke as it oan de kant te reagjen. Gjin geseur mear oan de kop. Deabenauwd foar de saneamde feilichheid ferskûlje hja harren efter deadoggers fan arguminten.
Jimme wolle dochs Kwaliteit? Yn elts hânboek kinne jimme lêze: De Kwaliteit sit yn de ferbining. Dizze ferbining wurdt no letterlik ôfbrutsen. Komop gemeente Súdwest-Fryslân, lit sjen dat jimme it wol kinne, dat jimme der wier binne foar de boargers. It slopen fan it brêchje is neat minder as in bewiis fan ûnfermogen.
Ir. A.H. Readbergen, Warkum.