Besunigings op it Frysk fan tafel
Neem contact op met de schrijver van de petitie
Petysje sletten
2024-08-02 17:47:26De petysje is oanbean op 19 juny. Dêrnei hawwe noch in tal minsken de petysje ûndertekene.
DeFryskeBeweging giet troch mei syn krewearjen foar de Fryske taal.
Folgje ús op www.goeie.frl.
De Fryske Beweging
Provinsjale steaten hat stimd oer de besunigings
2024-06-19 20:24:08De petysje 'Besunigings op it Frysk fan tafel' is woansdeitemoarn 19 juny oanbean oan de Kommisaris fan de Kening, Arno Brok, likernôch in oere foar de gearkomste fan provinsjale steaten. Dat it in lange en hjitte dei wurde soe yn it provinsjehûs stie eins foarôf al fêst. De ferskate partijen hiene mei-inoar tsientallen moasjes en amendeminten taret, om de plannen yn de kultuernota en de taalnota noch oan te passen. Spitigernôch hat dat net in soad opsmiten. De taalnota 'Fansels Frysk' en de byhearrende besunigings kaam sûnder problemen troch Provinsjale Steaten.
Wy wolle alle ûndertekeners tank sizze. We litte de petysje ek noch eefkes iepen stean. Dan kin elts dy't noch net tekene hat sjen litte, dat se it hjir net mei iens binne.
De Ried fan de Fryske Beweging nûget jo/dy fan herte út foar syn earste Bewegingsdei. De Fryske taal nimt dizze middei in wichtich plak yn. Sa stiet taaldeputearre Eke Folkerts as sprekker op it program en krije jo de kâns om it Steatekomitee Frysk te fertellen wat de stip op de hoarizon wêze moat foar it Frysk.
De gearkomste stiet iepen foar eltsenien, mar wol graach eefkes yn it foar opjaan.
Opjaan kin op goeie.frl: Bewegingsdei 2024 - Goeie.FRL
Ried fan de Fryske Beweging