Besunigings op it Frysk fan tafel

Opmerkingen

#2

De reserves koene earst wol brûkt wurde. Wêrom't dat no net kin en der mei dy finansjele tafallers dochs op it kwetsbere Frysk besunige wurde moat, is net út te lizzen. Steateleden, nim jim ferantwurdlikheid en hoedzje it Frysk!

Nynke Beetstra (Grou, 2024-06-08)

#5

Op Fryske taal en kultuer it jild besteegje en nea besunigje. Besunigje? In ferkeard sinjaal!

Cees van der Meulen (Grou, 2024-06-08)

#10

Gjin besunigings op ús memmetaal !!!

Herman Hoekstra (Burgum, 2024-06-08)

#13

De Fryske Rie ek troffen wurdt troch de foarnommen besuningings. Unbegryplik, de Fryske Rie beskikt oer weardefolle ynter-Fryske kontakt en, dat falt dus ek ûnder Europeeske kontakten……

Saapke Miedema (Ljouwert, 2024-06-08)

#20

Dizze besúnigings raze oan de protters!

Kingma Geertje (Leeuwarden, 2024-06-08)

#23

De oankundige besunigings in grutte ôfbreuk dwaan sille oan alles dêr't wy de ôfrûne jierren sa hurd foar wurke hawwe. It stiet fergemy heaks op de krekt ûndertekene BFTK en op de ambysjes dy't út Den Haach wei útsprutsen binne. Dat is no ús eigen bestjoerders binne dy't ús taal in skop jouwe, dat kin en mei dochs net sa wêze?

Martsje de Jong (Bitgum, 2024-06-08)

#24

De fryske taal mei net ferlern gean...

Marchje Bakker-Spoelstra (Bitgummole, 2024-06-08)

#25

De Fryske taal behâlden wurde moat. Ik fyn dat de Provinsje, as se dat sa wichtich fynt, der ek jild foar oer ha moat!

Folkje Koster (Hurdegaryp, 2024-06-08)

#34

Ik ûndertekenje omdat it Frysk tinken, praten en skriuwen foar alle friezen fanselssprekkend weze moat. Dy oplieding kostet jild!
Ik fyn it ek frjemd dat op dizze side gjin wurd Frysk stiet....

Piet Reitsma (Oentsjerk, 2024-06-08)

#36

Frysk moat bliuwe

Foppe Boersma (Snakkerbuorren, 2024-06-08)

#46

Ik hoopje, as ik nei myn stúdzje wêr nei Fryslân kin, it Frysk der sterker as ea te sjen. It digitale tijdperk jout kânsen, mar betsjut ek dat it Frysk mear ek in "skreaune" taal wurde moat, yn stee fan in oerwegend "prate" taal. Dat easket om grutte ynvestearrings, net om besunigings!

Jasper Jonkers (Vleuten, 2024-06-08)

#49

It jild dat it Ryk bestimt foar de Fryske taal moat dêr rjochtmittich foar brûkt wurde. It kin net op eigen manneboet foar wat oars besteegje wurde.

Mr F.W.A. de Jong (Nijkerk, 2024-06-08)

#60

Fergeemje, it frysk stiet al sa faai! Wardy!

Gerard Hoekema (Oosterbeek, 2024-06-09)

#63

Onze taal is niet alleen een recht maar ook een voorrecht om te lezen, schrijven en spreken.

Ada Procee (Drachten, 2024-06-09)

#64

Dit is in tsjinstridich en frjemd plan.

Akkie Lindeboom-Jager (Rottefalle, 2024-06-09)

#68

Op it momint dat it Ryk mear docht foar it behâld Frysk kin it fansels net sa wêze dat de provinsje besúnigt!

Henk Pijlman (Groningen, 2024-06-09)

#80

It Frysk moat op alle mooglike wizen brukt wurde as in foar eltseinien tagonkelike taal, foaral troch de lokale media.

Rienk Terpstra (Utrecht, 2024-06-09)

#101

It te ûntfangen jild fan it ryk moat foar de Fryske taal en kultuer brûkt wurde!

Siebren Miedema (GOUDA, 2024-06-09)

#104

dit kin sa net fansels

Mink Visser (Opeinde, 2024-06-10)

#106

Ik ûndertekenje omdat ik it wichtich fyn dat de Fryske taal koestere wurdt en sa goed mooglik stimulearre en bewarre bliuwt.

Aart Cornelissen (Makkum, 2024-06-10)

#109

Twa stappen tebek en ien foarút,
dat helpt it Frysk gjin sprút.

Piter Dykstra (Mitselwier, 2024-06-10)

#115

Ik ûndertekenje dizze petysje, omdat it se by de FNP blykber yn'e plasse slein is. Wat in ferstân ...

Jan Kelderhuis (Drachten, 2024-06-10)

#125

Ik fyn it tîge wichtig dat it Frysk net fuort skowt wurdt, mar no in kear de erkenning krijt dy't it nedich hat!

Seye Herke Brinkman (SKULENBOARCH, 2024-06-10)

#129

tsjin eltse besuniging op it befoarderjen fan it brûken fan it Frysk bin

Harmen Hofstra (Snits, 2024-06-10)

#130

As FNP lid sis ik gjin besuniging op taal en kultuer

J.F. de Vries (Raerd, 2024-06-10)

#131

It is in skande, fierdere útlis liket my oerstallich.

Pier Bergsma (Hurdegaryp, 2024-06-10)

#187

Ik it Frysk wichtig fyn

Baukje Lootsma (Balk, 2024-06-14)

#188

Ik onderteken omdat het Frysk een belangrijke taal is en voor velen in onze provincie de moedertaal. Om deze taal te behouden verdient zij alle hulp die mogelijk is, óók die van de provincie..... dus provincie: blijf de beurs trekken in het belang van onze eigen en mooie taal.

Chris Bouma (Balk, 2024-06-14)

#192

Ik ûndertekenje om’t ik it ûnbegryplik fyn dat in kolleezje dat seit sa foar de Fryske taal en kultuer te stean, dizze kar makket. It is gjin natuerramp, it is in bewuste kar om dit dúdlike sinjaal ôf te jaan…

Houkje Rijpstra (Gytsjerk, 2024-06-14)

#199

... It wurk fan ûnder oaren de Afûk, FA en Mercator sa wichtig en unyk binne foar de promoasje fan de Fryske taal. Sûnder harren wurk stiet dy ûntwikkeling op in hiel leech pitsje of sels stil. Nim de Fryske taal, en dêrmei al de Frysk praters, serieus!

Hester Knol (Oldenburg, 2024-06-15)