Balk


Gast

/ #90

2015-05-06 15:49

De wize wêrop B en W hjir mei komt wurket allinich mar averjochts, gean earst yn petear mei Pleatselyk Belang foar in  goed plak en dan mei de omwenjenden, it plan fan De Winter is in goed plan ( Houtdyk ) en fan ûnderenop  dus krigest  draagflak.

Houtdyk soe neffens B en W te lyts wêze, mei wat mear ynset fan B en W kin der mooglik mear.  B&W moat net sa stiif oan dy 500 fêsthâlde  oft je dêr wat losser mei omgean sil je grif mear draagflak krije,  minder prosedures en earder wat foarelkoar, wat wer better foar de asylsikers is. Neffens my hie De Lemmer eartiids in AZC mei 250 minsken wylst hja dêr  earst ek 500 woene, mar om draagflak te krijen is dat oantal oanpasse.

Mear as 450 minsken út Balk hawwe al reagearre, hjir mei en kin B&W net omhinne!!