Balk

Balkster

/ #93

2015-05-06 20:04

Balksters, Boargemaster & Wethâlders en COA,

Om te begjinnen: wat is it tige spitich dat is sa allegear giet. Foar alle partijen! En dermei bedoel ik sawol de boargers fan Balk, de Boargemaster & Wethâlders, it COA, mar boppe al foar de minsken wer dit hiele ferhaal om giet: de asylsikers!
Want lit ik foarop stelle dat it tige wichtich is dat dizze minsken holpen wurde!
Mar de wize werop at it no giet, soarget der foar dat we mei syn allen al yn in hiele minne posysje stean at it giet om de help nei de asylsikers ta.
Ik wit fansels net presys wat wol en net goed is, dat is mei de meeste Balksters sa tink ik. Die sprekke út gefoel (wat ik trouwens hiel goed begryp!). Mar we kinne mei syn allen wol betinke (ek B&W dochs?) dat de manier werop at it no giet net goed is!
DRAACHFLAK dat is neffens my dochs echt stap 1! Hoe kinne B&W en it COA no sa langs in boer as de Winter stappe?! Mar dat net allinich. Hoe kinne se no sa foarby gean oan de Balksters sels?! It is foar my net te begrypen dat ús Boargemaster, die der foar ÚS wêze moat, deagewoan seit dat de diskusje oer de lokaasje en it oantal al útiten is.
Nochris: die minsken moatte holpen wurde! Mar Boargemaster, ik freegje jo 1 ding: begjin dan by stap 1 en gean foar draachflak. Dan kin dit asylsikerssintrum in sukses wurde, oars net. En lit we no earlik wêze: 500 is dochs wol in hiel soad op 3800 ynwenners. Miskien kin it wol, mar net sûnder dat o sa belangryke draachflak. Gean dêr foar mei Doarpsbelang yn petear of beneam in kommisje weryn minsken sitte die hjiroer mei tinke en prate wolle.
Nim dêr dochs noch efkes de tiid foar en dan sille wy mei syn allen (boargers, B&W en it COA) hiel sterk stean!